Pages: [1]   Go Down
  Print  
Author Topic: IT SINNELIET  (Read 764 times)
0 Members and 1 Guest are viewing this topic.
Alina ofs
Tent van Abraham
*****
Offline Offline

Posts: 788


Je Vous adore, mon Seigneur et mon Dieu!


WWW
« on: 01 November, 2006,; 14:17 »

IT SINNELIET

1 Alderheechste, Almachtige, Goeie Hear,

fan jo binne de lof, de rom, de eare en alle seinigingen.

2 Jo allinne, alderheechste, komme hja ta

en net in mins is weardich om jo te neamen.

3 Love binne jo, myn hear, mei al jou skepsels,

foaral hear broer sinne, dy't de dei is,

en troch wa't jo és ferljochtsje.

4 En hy is moai en hy is strieljend mei grutte swidens.

Fan jo, alderheechste, draacht hy it sinnebyld.

5 Love binne jo, myn hear, troch suster moanne en de stjerren.

Oan 'e himel hawwe jo har makke,

skitterjend, kostber en skoander.

6. Love binne jo, myn hear, troch broer wyn

en troch de loft en troch bewolke en opklearre en hokker waar ek,

dér't jo jou skepsels mei ta stipe binne.

7 Love binne jo, myn hear, troch suster wetter,

dy't hiel nuttich is en dimmen en kostber en kein.

8 Love binne jo, myn hear, troch broer fjoer,

troch wa 't jo foar ús de nacht ferljochtsje.

En hy is moai en fleurich, stoer en sterk.

9 Love binne jo, myn hear, troch uze suster memme ierde,

dy't ús troch alles hinne stipet en ós paadwiist

en alderhanne gewaaks mei kleurige blommen en króden fuortbringt.

10 Love binne jo, myn hear,

troch hja dy't ferjeffenis skinke troch jou leafde

en sykte en ferdrukking drage.

11 Lokkich hja dy't dat drage sille yn frede,

want troch jo, alderheechste, sille hja kroane wurde.

12 Love binne jo, myn hear, troch uze suster de liiflike dea,

dér't net in libbene siel oan ontslúpe sil.

13 Wee hja dy't stjerre yn deasúnde.

Lokkich wa't hja tsjinkomt yn jou alderhillichste wil,

want de twadde dea sil har gjin kwea dwaan.

14 Loovje en seinigje myn hear

en tankje en tsjinje him mei grutte dimmenens
Logged

Geprezen, o Heer, en geloofd en gedankt, om Uw schepselen die U dienen: laudate e benedicete mi Signore, laudate! (Zonnelied)
Geerthe
Troostende Fluit
****
Offline Offline

Posts: 480


« Reply #1 on: 22 December, 2006,; 22:48 »

Ik tocht dat dit forum allinnich yn it nederlansk en ingelsk wie! Mar ik fyn dizze oersetting tige moai! Ik sil no net yn it fransk oergean hjer. Groetnis. Geerte
Logged
Pages: [1]   Go Up
  Print  
 
Jump to:  


Powered by SMF 1.1.13 | SMF © 2006-2011, Simple Machines LLC  •  Endless Mc by: © 2009, Crip